Primeur foar Iris Kroes: Se is de earste fan Nederlân mei 8D-lûd

Iris Kroes hat in primeur te pakken. Mei Heleen Roosdorp is se de earste Nederlânske artyst dy't in plaat útbringt yn 8D. Dy technyk soarget derfoar dat it klinkt as giet de muzyk echt om dy hinne.
Iris Kroes fertelt oer har nije nûmer mei Heleen Roosdorp yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân.
Iris Kroes komt mei in nûmer yn '8D'
Mei 8D-audio wurdt it lûd sa oanpast dat it klinkt as stiest yn in grutte romte, wêrtroch't lûd it oeral wei komme kin. It is te ferlykjen mei surround sound, mar dan spesjaal foar muzyk. It is it bêst te hearren troch eardopkes of in koptelefoan te brûken.
De tecnhyk is frij nij, mar liket hieltyd populêrder te wurden. Ynternasjonale artysten lykas Billie Eilish brûke deselde technyk. Iris Kroes hat har 8D-nûmer Brighter Day opnaam mei Heleen Roosdorp.