Bogerman Bigband hat ferske foar elkenien yn it ûnderwiis: “We willen naar school”

"Het is stil in de school", sjonge de learlingen fan de Bogerman Bigband yn Snits. Mei harren liet 'We willen naar school' wolle sy elkenien yn it ûnderwiis in bytsje stipe jaan: se sjonge dat se gau wer nei skoalle wolle. Cees Vogelvanger, dy't mei it idee foar it liet kaam: "Dat is wat wy wolle. Spylje!"
Dat de bern nochris ûnwennich wurde soenen nei de middelbere skoalle, hat wierskynlik nimmen fan harren oait betinke kinnen. Cees Vogelvanger, haad fan it VWO fan csg Bogerman yn Snits, kaam op it idee om in liet oer de situaasje te skriuwen. Hy seit: "Ik tink net dat se dat oait fan harrensels tocht hiene, mar it hat lang genôch duorre foar de bern, dat fernimst oan alles."

Mear as learen

Neffens Vogelvanger misse de learlingen it sosjale kontakt en de mienskip binnen de skoalle. "Skoalle is mear as learen", seit er, "En yn dizze dagen fernimst dat hiel sterk." Mei it liet fan 'e Bogerman Bigband wolle de learlingen fan 'e Snitser middelbere skoalle alle oare learlingen en meiwurkers yn it ûnderwiis in bytsje stipe jaan.
Jonge minsken wolle inoar moetsje, it is foarjier, de flinters fleane alle kanten út.
Dirigint Anne Oosterhaven
Dirigint Anne Oosterhaven wie fuortendaliks entûsjast doe't er frege waard it liet te skriuwen. "Dêr kinne wy wol wat mei", wie Oosterhaven syn earste reaksje. "Wy hiene noch in goeie opname, muzikanten dy't wol wat ynspylje woene, sjongeressen dy't hielendal wyld waarden fan it idee", seit er. It entûsjasme fernuveret him net. "Jonge minsken wolle inoar moetsje, it is foarjier, de flinters fleane alle kanten út."

15 optredens kwyt

In bytsje optimisme is grif nedich, want de de coronakrisis rekket ek de Snitser Bogerman Bigband. Sa fertelt Vogelvanger dat it skrappen fan eveneminten mei mear as 100 man ek foar de Bogerman Bigband gefolgen foar it tal optredens hie. "Wy binne trije wiken lyn gewoan 15 optredens kwytrekke", seit er. Mar no ha se earst dizze online foarm fan muzykmeitsjen fûn. Vogelvanger: "Dat is wat wy wolle. Spylje!"
Cees Vogelvanger en Anne Oosterhaven