SportCast: "Huntelaar schiet er vijftien tot twintig in voor Heerenveen"

Coronakrisis of net, der falt altyd genôch te bepraten oer de sport. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik Michel Vlap. Ferline seizoen waard de Snitser mei sechtjin doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean en dêrmei fertsjinne er in transfer nei de Belgyske topklup RSC Anderlecht. Ek dêr is er op it stuit kluptopskoarer.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Wol of net útspylje?

Lykas yn Nederlân leit ek yn België de kompetysje stil. Vlap is dêrtroch net yn Brussel, mar thús by syn âlden yn Drylts. Om him mei it allegear wol wer begjinne. "Ik ben er nu ook wel weer klaar mee, ik wil ook wel weer voetballen. Ik mis het best wel heel erg", fertelt Vlap.
Mar de grutte fraach is en bliuwt: wurde de kompetysjes no wol of net útspile? En mei of sûnder fans? Yn de SportCast binne de mieningen ferdield. Neffens Arjen de Boer heart it einde seizoen te wêzen: "Fuotbal heart yn de amusemintstak. Je fuotbalje foar it publyk. Sûnder publyk moatte je net fuotbalje." Ek Geert van Tuinen slút him dêr by oan. Lykas Vlap: "We voetballen voor het publiek. Als je een goal scoort, je bent blij maar voetballen zonder publiek is heel anders."
Andor Faber en Roelof de Vries sjogge dat oars: "As je kieze kinne tusken net spylje of wol spylje, mar sûnder publyk, is de kar neffens my hiel maklik. Nammentlik spylje sûnder publyk. Ideaal is it net, mar we sitte yn in situaasje dy't ôfgryslik ferfelend is. As it net oars kin, kin it net oars."

Klaas-Jan Huntelaar

Supporters fan SC Hearrenfean binne op Twitter in aksje begûn om Klaas-Jan Huntelaar werom te heljen nei SC Hearrenfean. Syn ôfrinnende kontrakt wurdt foarearst net ferlinge by Ajax, wêrtroch't er nei dit seizoen transferfrij is. Vlap sjocht syn komst nei it Abe Lenstra Stadion wol sitten: "Zo'n spits maakt altijd vijftien tot twintig goals bij Heerenveen, dat weet ik zeker. Dat komt door het spel dat Heerenveen speelt, ze hebben twee hele snelle buitenspelers en Huntelaar heeft een neus voor de goal."
© Orange Pictures
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn de SportCast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.