"Bebouwing nij buorskip ûnder Goutum desastreus foar greidefûgels"

Bebouwing fan it nij te ûntwikkeljen buorskip De Hem ûnder Goutum is desastreus foar greidefûgels en dêrom moat de gemeente Ljouwert ôfsjen fan bebouwing yn it gebiet. Dat skriuwt Miljeudefinsje, mei út namme fan oare stichtingen, yn in brief oan de gemeenteried.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De briefstjoerders wolle dat de gemeente ôfsjocht fan bebouwing, om't yn it gebiet tsientallen spantsjes greidefûgels libje. It giet yn totaal mar om in greidegebiet fan acht bunder, mar dat lit neffens de beswiermakkers no just de need sjen: dat fûgels dêr sa ticht opelkoar libjen.
Frijwilligers hawwe dêrneist de ôfrûne jierren in soad dien om de greidefûgels yn it gebiet te beskermjen. Sa binne stekken pleatst om predatoaren lykas stienmurden en katten op ôfstân te hâlden.
Ferslachjouwer Willem de Vries sjocht rûn by De Hem

Biodiversiteit fersteurd

As de gemeente it stêdeboukundich plan trochset, sil de biodiversiteit yn it gebiet fersteurd wurde, skriuwe de briefstjoerders. Ek de Hounspolder, sa't it gruttere gebiet hjit, wurdt dan op slot set. Der wurdt ferwachte dat it greidefûgelgebiet dan stadichoan ferdwynt.
Harkje nei in petear mei ferskate ynwenners
© Omrop Fryslân, Willem de Vries