Tomaterisping yn gefaar troch it coronafirus: "We komme hannen tekoart"

Ek de glêstúnbou yn Fryslân hat slim te te lijen ûnder de gefolgen fan it coronafirus. Sa meitsje se harren by Gardener's Pride út Bitgum, ien fan de grutste tomatekwekers fan ús lân, slim soargen oer de risping fan dit jier.
Tomaterisping yn gefaar troch Corona
Troch it sinneskynwaar groeie de tomaten op it stuit ekstra rap. Se binne earder klear as oare jierren. Mar de minsken dy't gewoanwei ynsetten wurde om de risping binnen te heljen binne foar in grut part net yn Bitgum.
© Omrop Fryslan, Wytse Vellinga
"De measte minsken dy't by ús meidraaie, komme út Poalen of Bulgarije", sa seit teamlieder Piet Stienstra. "Mar sy binne nei harren famylje yn eigen lân ta gien en kinne no net werom komme om't de grinzen ticht binne."
Op dit stuit is dat noch net in probleem, mar oer in wike as twa dan komt der in pyk yn de risping. "Gewoanwei ha we dan in soad seizoenarbeiders. Dy binne dus no net beskikber en dan komme we hannen tekoart." Stienstra wit op it stuit noch net hoe't se dat opfange moatte.
© Omrop Fryslan, Wytse Vellinga
By Gardener's Pride hawwe se tal fan ekstra maatregels naam. Sa moatte minsken net allinnich harren hannen waskje elke kear dat se de kas yn of út komme, mar wurde ek de skuon desynfektearre. Op de ynpakôfdieling hingje skermen tusken de meiwurkers dy't ticht op inoar wurkje moatte.
"We hawwe hjir no in hiel feilich wurkplak. De kâns op besmetting is hiel lyts, dus we hoopje dat we dochs wat minsken oerhelje kinne om hjir oan de slach te gean", sa seit Stienstra. De hoop is dat studinten en skoalbern dy't no net nei skoalle of stúdzje hoege tydlik oan de slach kinne by de kweker.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga by tomatekweker Cock van Overbeek yn Bitgum