Omrop TIP: Tsjerken te keap (diel 2: De takomst)

Saakkundigen ferwachtsje de kommende tsien jier 'een hausse aan kerksluitingen'. Diel 2 fan de Fryslân DOK 'Tsjerken te keap' giet oer de takomst fan leechsteande tsjerkegebouwen.
Programmamakkers Gerard van der Veer en Marja Wiersma makken in twalûk oer it ôfskie én de takomst fan monumintale tsjerkegebouwen. Yn de kommende tsien jier sille yn Fryslân sa'n hûndert tsjerken slute moatte. Allinnich al yn de gemeente Súdwest-Fryslân gean foar 2030 teminsten 27 tsjerken ticht, stiet yn in enkête ûnder 129 tsjerkebestjoeren yn dy gemeente.
Marcel Smit treedt op yn de tsjerke fan Dedzjum © Omrop Fryslân
Fryslân hat goed 750 tsjerken. Trochdat hyltyd minder minsken nei tsjerke gean, geane tsjerken ticht. Sa'n 250 tsjerken hawwe al in oare funksje krigen. Soms slagget it wol goed. De tsjerke fan Dedzjum bygelyks, herberget in B&B en organisearret konserten. Sjonger Marcel Smit mei graach yn tsjerken optrede. Bykommend foardiel: de tsjerke sit by sa'n gelegenheid fol.
De tsjerke yn Ketlik © Omrop Fryslân
Fan de oare 500 tsjerken sil yn koarte tiid sa'n 20%, dat betsjut 100 tsjerken, de doarren slute moatte. It wurdt dreech om dêrfoar in passende nije bestimming te finen. De Stichting Alde Fryske Tsjerken bestiet no 50 jier en hat yntusken 52 tsjerken yn syn besit. Fryslân DOK giet op 'en paad mei meiwurkers fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Steunpunt Monumentenzorg Fryslân.
Dedzjum fanút de loft © Omrop Fryslân
Yn it slimste gefal wachtet guon gebouwen de sloop. Dat hat gefolgen foar de mienskip yn in doarp of stêd, mar ek foar it lânskip. De tsjerken tekenje de skyline fan Fryslân. Se binne beakens yn it lân en hearre sa by de identiteit fan de provinsje.
Diel 2 fan de Fryslân DOK 'Tsjerken te keap' giet oer de takomst fan leechsteande tsjerken. De dokumintêre is te sjen by NPO2, sneon 21 maart om 15.30 oere, mei Nederlânske ûndertitels. De werhelling is op snein 22 maart om 13.10 oere. Omrop Fryslân stjoert de Fryslân DOK út op snein 22 maart fan 17.00 oere ôf, alle oeren.