Omrop TIP: Tsjerken te keap

Yn de kommende tsien jier sille yn Fryslân sa'n hûndert tsjerken slute moatte. Dêroer giet de twadielige dokumintêre 'Tsjerken te keap'. Wat moat der barre mei monumintale tsjerkegebouwen? Dit Fryslân DOK-twalûk is makke troch Marja Wiersma en Gerard van der Veer.
Yn diel 1 fan 'Tsjerken te keap' nimt de tsjerkemienskip fan Wânswert ôfskied fan de tsjerke. 800 jier lang binne hjir Wânswerter famyljes doopt, troud en te hôf brocht. It is in emosjoneel beslút om de tsjerke oer te dwaan oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.
Eelze Tabak en Jelle van der Bij © Omrop Fryslân
Eelze Tabak, tsjerkeriedslid: 'Yn de jierren 50 siet de tsjerke fol. Wânswert hie grutte húshâldingen, fan boeren en harren arbeiders. Us heit fertelde dat der ris in nije smid yn it doarp komme moast. De man mocht de smidderij wol oernimme, mar dan moast er ek lid wurde fan tsjerke. Sa gong dat.'
Tsjerke Wânswert fanút de loft © Omrop Fryslân
Sosjologe Christien Brinkgreve leit út wêrom't it ôfstân dwaan fan in tsjerke emosjoneel is: 'Deel uitmaken van een kerkgemeenschap kan in een leven veel betekenen. Het gaat om rituelen, houvast, het geloof. Het horen bij iets groters, het gevoel bij andere mensen te horen.'
Christien Brinkgreve, sosjologe © Omrop Fryslân
Yn Fryslân stean sa'n 750 tsjerken. Troch de leechrin as gefolch fan sekularisaasje moat neitocht wurde oer de in nije bestimming. Yntusken hat in tredde part fan de tsjerken al in oare funksje. Fan de oare 500 tsjerken sil yn koarte tiid sa'n 20% de doarren slute moatte, omdat der net genôch tsjerketsjinsten mear holden wurde. It wurdt dreech om dêrfoar in passende nije bestimming te finen.
Oerdracht tsjerke Wânswert oan Stichting Alde Fryske Tsjerken © Omrop Fryslân
De Stichting Alde Fryske Tsjerken, dy't 50 jier bestiet en no 52 tsjerken yn syn besit hat, kin al dy tsjerkegebouwen net oernimme. Yn it slimste gefal wachtet guon gebouwen de sloop. Dat hat net allinnich gefolgen foar de mienskip yn in doarp of stêd, mar ek foar it lânskip. De tsjerken tekenje de skyline fan Fryslân. Se binne beakens yn it lân en hearre sa by de identiteit fan de provinsje.
Diel 1: 'It ôfskie' fan it Fryslân DOK-twalûk 'Tsjerken te keap' is te sjen op sneon 14 maart by NPO2 om 15.30 oere, mei Nederlânske ûndertiteling. De werhelling is snein 15 maart om 13.10 oere. Omrop Fryslân stjoert de Fryslân DOK út op snein 15 maart fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).
Diel 2: 'De takomst' is te sjen op 21 en 22 maart.