Kristlike skoallen Fricolore binne moandei iepen, ek Piter Jelles en Simon Vestdijk foarearst net ticht

De skoallen foar fuortset ûnderwiis fan kristlike ûnderwiiskoepel Fricolore binne moandei gewoan iepen. Dat seit Hans Wildeboer fan it kolleezje fan bestjoer. Grutte skoallen as it Bogerman Kolleezje yn Snits, Bornego op It Hearrenfean, Liudger yn Drachten en Lauwers yn Bûtenpost binne allegearre ûnderdiel fan Fricolore. Ek de skoallen fan Piter Jelles en Simon Vestdijk bliuwe foarearst iepen.
Christelijke scholen onderwijskoepel Fricolore zijn maandag open
It ministearje fan ûnderwiis hat freedtejûn bekend makke dat skoalbestjoeren sels beslute meie om iepen te bliuwen of te sluten. Tagelyk trúnet it ministearje der by de skoallen op oan om it ûnderwiis oan eksamenklassen safolle mooglik troch te setten.
Fricolore kiest op dit stuit noch foar iepenbliuwe, mar dat kin samar feroarje as it coronafirus fierder oprukt, seit Hans Wildeboer. "De uitval op onze scholen is beperkt. Zolang het verantwoord is om open te blijven, proberen we dat."

Online lessen

De ûnderwiisorganisaasje hâldt der wol rekken mei dat de skoallen nei ferrin fan tiid dochs noch ticht moatte. It is dan it doel om troch te gean mei online ûnderwiis. Learlingen krije dan koarte online lessen en oanslutend ek opdrachten. "Voor een korte periode kan dat, maar voor de langere termijn is persoonlijk contact altijd beter."
Oare ûnderwiiskoepels yn Fryslân tinke noch nei oer wat se nije wike dogge.
Hans Wildeboer fan it kolleezje fan bestjoer fan Fricolore
De skoallen fan OSG Piter Jelles en RSG Simon Vestdijk bliuwe foarearst ek iepen. "Wy hawwe earst ris op in rige setten hoe't it sit mei oanwêzigens en op basis dêrfan ha wy sein, yn elts gefal binne alle lokaasjes iepen. Wy sille moandeitemiddei opnij besjen hoe't it der dan foarstiet", fertelt bestjoerder fan OSG Piter Jelles Wiebe Wieling. "Op dit momint is it sinjaal fanút de lokaasjes: wy kinne it ûnderwiis op ferantwurde wize fersoargje en ha gjin konkrete syktegefallen."
Wiebe Wieling fan OSG Piter Jelles