Veiligheidsregio praat Fryske boargemasters by oer coronafirus

De Fryske boargemasters binne woansdeitejûn bypraat troch fertsjinwurdigers fan de Veiligheidsregio oer de stân fan saken oangeande it coronafirus yn Fryslân. It gong om in besletten gearkomste dêr't ferskate senario's yn besprutsen binne.
© Shutterstock
De gearkomste wie in ferfolch op it reguliere oerlis fan de Veiligheidsregio. It is de bedoeling dat de boargemasters faker bypraat wurde sille.
Sûnt woansdeitemiddei 16.00 oere binne gjin nije besmettingen yn Fryslân konstatearre. Dat betsjut dat der trije minsken yn Fryslân besmet binne. It giet om in pear fan De Gerdyk en in 78-jierrige man út Drachten.
De Veiligheidsregio komt alle dagen twa kear deis (om alve oere en fjouwer oere) mei in update fan de sitewaasje yn Fryslân.