Twa gefallen fan coronafirus yn Fryslân; pear fan De Gordyk besmet

De earste gefallen fan coronafirus yn Fryslân binne fêststeld. It giet om in pear fan De Gordyk, yn de gemeente Opsterlân. Se sitte tegearre mei harren soan yn thúsisolaasje. De GGD jout om 10.00 oere mear taljochting op in parsekonferinsje.
Om 10.00 oere hat Omrop Fryslân in ekstra telefyzje- en radio-útstjoering.
Dieltsjes fan it 2019-nCoV-firus, dat Covid-19 feroarsaket © ANP
De GGD siket, lykas mei alle gefallen yn Nederlân, út mei wa't de pasjint yn kontakt west hat.
It kabinet docht in driuwende oprop oan alle Nederlanners om foarearst net mear te fûskjen, om fersprieding fan it firus te foarkommen. Yn Noard-Brabân moatte minsken dy't hoastje, ferkâlden binne of koarts hawwe, thús bliuwe en harren sosjale kontakten beheine.

321 gefallen yn Nederlân

Tongersdeitejûn 27 febrewaris waard it earste besmettingsgefal yn Nederlân fêststeld. In man waard yn isolaasje opnommen yn in sikehûs yn Tilburg. In dei letter wie in frou út Amsterdam ek besmet mei it coronafirus.
Yn hiel Nederlân wiene der oant en mei moandei 321 coronagefallen. Trije minsken binne stoarn oan it firus.
De measte coronapasjinten yn Nederlân ha koartlyn it Noard-Italië west.

GGD, húsarts en RIVM

Wa't fragen hat oer de eigen sûnens, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de GGD of de húsarts. Dêrnjonken jout It RIVM op 'e eigen webside antwurd op de fragen dy't it faakst steld wurde. Der is ek in spesjaal telefoannûmer foar fragen: 0800 - 1351.
"Yn prinsipe is der noch altyd gjin reden ta panyk", sei Margreet de Graaf fan GGD Fryslân earder. "It coronafirus liket net gefaarliker as in gewoane gryp. Wy hâlde it ekstra goed yn de gaten, om't it in nij firus is."