SportCast: "Nije Cambuurstadion moat de namme fan Henk de Jong krije"

Mei noch tsien wedstriden te gean, komt it kampioenskip foar SC Cambuur hieltyd tichterby. As de Ljouwerters kampioen wurde, dan fynt Arjen de Boer dat it nije stadion de namme fan trainer Henk de Jong krije moat. "As it allegear slagget, dan hat Cambuur trije kear kampioen west, wêrfan't twa kear mei Henk. Dan moatte je dêr wat mei."
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.
Under lieding fan presintatrise Jantine Weidenaar sjogge sportferslachjouwers Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries foarút en werom op de prestaasjes fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.
Yn in útferkocht Abe Lenstra Stadion hat SC Hearrenfean tsjin Ajax sneon oan klantebining dien. Hearrenfean spile sterk, mar ferlear mei 3-1 fan de Amsterdammers. Oanfaller Ejuke wie yn de earste helte de absolute útblinker.
Neffens De Vries is it sawol sportyf as finansjeel it bêste dat Ejuke noch in jier by SC Hearrenfean bliuwt. "As Ejuke dêr takom seizoen tweintich doelpunten makket, is hy miljoenen wurdich!", seit er. Van Tuinen is dat net mei him iens. "Do witst dochs ek hoe't it wurket yn de fuotballerij? Dat bepaalt Ejuke net, mar syn saakwaarnimmer!"
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn de SportCast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.