Toernoaidirekteur Ykema bliid mei dielnimmers Sulveren Bal: "Bêste fan it bêste"

Laurent Dubreuil, Angelina Golikova en Viktor Mushtakov: it binne samar wat nammen fan topreedriders dy't woansdei meidogge oan de Sulveren Bal yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. It evenemint wurdt foar de fiifde kear organisearre en dit jier is de line-up better as ea.
Toernoaidirekteur Jan Ykema

Wrâldbekerfinale

It feit dat der safolle goeie bûtenlanners meidogge, is in lyts gelokje foar de organisaasje foar de Sulveren Bal. Se binne nammentlik allegear yn Fryslân om't it ôfrûne wykein de wrâldbekerfinale op it iis fan Thialf wie. De reedriders wolle noch wol in pear dagen ekstra yn Fryslân bliuwe foar de Sulveren Bal. En dus steane toppers as Laurent Dubreuil (sulver op WK sprint) en Angelina Golikova (baanrekôr 500 meter op Thialf) woansdei oan de start yn Ljouwert.

Super spektakel

Toernoaidirekteur Jan Ykema is wiis mei de dielnimmers. "We hawwe in gruttere list mei in hiel soad bûtenlanners. It bêste fan it bêste docht mei. Reedriders dy't 9,4 iepenje en reedrydsters dy't 10,4 iepenje op de 100 meter steane mei trije tagelyk op de baan woansdei. Dat wurdt in super spektakel!"
De Sulveren Bal wurdt woansdei foar de fiifde kear organisearre. It toernoai wurdt elts jier grutter en grutter mei mear dielnimmers. Der steane trije reedriders tagelyk op de baan dy't yn hûndert meter alles út de kast helje foar de rapste tiid. Der wurdt in oantal rondes riden, wêrnei't der hieltyd minder riders oerbliuwe. Uteinlik komt der by de manlju en de froulju ien winner út. Neffens toernoaidirekteur Jan Ykema is it logysk dat it toernoai yn Ljouwert organisearre wurdt: "It koartebaanriden komt út Fryslân. Net fan It Hearrenfean, mar út Ljouwert."
In sfearbyld fan de Sulveren Bal ferline jier © Vincent Riemersma/De Zilveren Bal
Dat Golikova snein in baanrekôr ried op it iis fan Thialf wie in kadootsje foar de organisaasje. "Fansels, dat is in ferrassing. Dat is moai dat se dan woansdei nei ús takomt en der in geweldich soad sin oan hat."

Friezen

Ykema is ek bliid mei de Fryske ynbring, dy't grut wêze sil. Mei Femke Kok en Jesper Hospes hat de organisaasje twa Fryske ambassadeurs oanwiisd. "Dat is ek geweldich, dat fyn ik hiel moai." Njonken Kok en Hospes dogge ek ûnder oaren Janine Smit, Michelle de Jong en Letitia de Jong út Fryslân mei.
Dit wurdt in super spektakel!
Jan Ykema oer it dielnimmersfjild by de Sulveren Bal

Neigesetsje?

De Sulveren Bal is écht de lêste wedstriid fan it reedrydseizoen. Is it in aardich neigesetsje of is it wol gewoan in serieuze wedstriid? Ykema: "In echte wedstriid fansels. De reedriders hawwe snein in feestje hân yn It Houtsje, mar se binne der woansdei wol foar dy hûndert meter. As it ôfrûn is, hawwe wy it gewoan gesellich en dan gean de reedriders wol efkes los. De ien dûnsjend en de oar mei in drankje. It seizoen hat lang genôch duorre en dat drinke se nei de tiid wol in bytsje fan harren ôf. Dat wie eartiids net oars, allinnich diene wy it altyd en dogge sy it oan de ein fan it seizoen", laket Ykema.