Basketballers Aris ferlieze flink fan Heroes Den Bosch

De basketballers fan Aris hawwe snein de útwedstriid tsjin de Heroes Den Bosch mei 98-59 ferlern. De Ljouwerters spilen in tige min earste kwart, wêrnei't se de hiele wedstriid efter de feiten oan rûnen.
© Aris Ljouwert
Yn dat earste kwart skoarde Aris mar fjouwer punten. De thúsploech út Den Bosch die dat folle better en stie nei it earste kwart dêrom op in grutte foarsprong: 27-4. By it skoft hie Aris folle mear punten skoard, mar de Ljouwerters koene net foarkomme dat Den Bosch fierder útrûn.
Yn it restant fan de wedstriid koe de ploech fan coach Ferried Naciri gjin momint tichter by Den Bosch komme. Nei it tredde part stie it 76-44 en dêrnei makken de Heroes dien wurk: 98-59.