FIDEO: Siemen Keizer wint Survivalrun yn Koatstertille
Siemen Keizer is de winner wurden fan de njoggentjinde edysje fan de Survivalrun yn Koatstertille. De 33-jierrige ynwenner fan Nijeberkeap wûn de Survival Run troch Kerst Wind foar te bliuwen. Wind is mearfâldich Nederlânsk kampioen, mar Keizer bleau him kreas foar. De 42-jierrige Wind kaam op in heale minút efterstân fan Keizer binnen.
Siemen Keizer wint Survivalrun yn Koatstertille
It wie foar Keizer de earste kear dat hy fan Wind wûn. "De eerste keer in de geschiedenis, dus mijn dag is wel geslaagd." Wind beskôge dizze wedstriid as training. "Moet je kijken", seit Keizer. "Hij is helemaal niet kapot." Wind: "Nou, dat falt wol mei. Ik seach dit as training, mar ferlieze fan Siemen fyn ik wol moai. Ik bedoel, moatst ris sjen. Ik bin in michje. Ik pas dêr wol fjouwer kear yn."
1.300 dielnimmers
Jurien Entius fan Hoorn waard tredde yn Koatstertille. Der diene mear as 1.300 dielnimmers mei oan de Survivalrun.