FIDEO: Stoarm of corona: Koatstertille is klear foar de survival
It nijs fan de ôfrûne wiken waard eins dominearre troch twa saken: stoarms en it coronafirus. Dochs hat de organisaasje fan de Survivalrun fan Koatstertille har nea drok makke dat it evenemint net trochgean koe. Dit wykein steane der wer hûnderten bikkels klear foar de ultime útputtingsslach.
Koatstertille is klear foar de survival:
Stoarm of Corona, Koatstertille is klear foar de survival
As je Koatstertille yn riden komme kinne je it eins net misse. Rûnom yn it doarp, en ek dêrbûten, steane tsientallen grutte houten konstruksjes. Se binne ûnderdiel fan de rûtes fan de Survivalrun. Dielnimmers út binnen- en bûtenlân komme snein nei it Fryske doarp om kilometers achterinoar ôf te sjen.
De organisaasje fan de Survivalrun is dizze dagen dwaande mei de lêste puntsjes op de i. Sa moat der ûnder de brêge oer it Knillesdjip noch in hindernis makke wurde. Dit koe net earder, om't de fergunning fan Rykswettersteat mar foar in pear dagen jildt. Op freedtemoarn binne der sa'n 25 frijwilligers aktyf. "Dat falt noch ta", seit foarsitter Theo Posthumus. "Op oare dagen hawwe wy wol 70 as 80 frijwilligers."

De aktive oanrin nei it evenemint set dan ek al yn jannewaris útein. Alle wykeinen komme de frijwilligers byinoar om de hindernissen ta te rieden en yninoar te setten.
Yn waar en wyn
De ôfrûne wiken wie der hieltyd op snein in stoarm, mei tige hurde wyn. Dêrnjonken komt ek it coronafirus hieltyd tichterby. Dochs makket de organisaasje him dêr net sa drok oer. "It firus no noch net al te tichtby, mocht dat oars wurde dan hearre wy dat wol fan de ynstânsjes", sa seit de foarsitter.
En wat it waar oanbelanget: "Wy sitte nea echt oer it waar yn. Wy hawwe in soad meimakke yn de ôfrûne jierren, lykas 20 sentimeter snie en doe gie it ek troch." It ienige dat link wêze kin is ûnwaar, mar dat komt yn maart hast net foar.