Fûgelgebiet It Heidenskip wint 'Samen voor Biodiversiteit'-priis

It duorsume fûgelgebiet It Heidenskip hat de lanlike 'Samen voor Biodiversiteit'-priis wûn. De sjuery fan de priis sjocht nei de gearwurking tusken boeren en boargers, de bydrage oan bioferskaat, ynspiraasje fan oaren en de finansjele helberens. De oare winner is 'Bloeiende bermen binden burgers en boeren' yn Flevolân. Beide projekten krije in maksimaal 25.000 euro om yn harren projekt te stekken.
It Heidenskip © Shutterstock.com (Travel Telly)
De priis is in inisjatyf fan it Deltaplan Biodiversiteitsherstel. De priis is mei mooglik makke troch it Wereld Natuur Fonds. Fan de 98 ynstjoeringen wiene der 10 finalisten. It oare Fryske projekt dat it net helle wie Kening fan 'e Greide.

Fierder wurkje oan It Heidenskip

Ysbrand Galema fan It Heidenskip wie by de priisútrikking op de Eemlandhoeve en is tige wiis mei de priis. "De sjuery wie te sprekken oer ús projekt. Wy wolle noch fierder wurkje oan in Heidenskip dat in soad bioferskaat hat. Wy hiene ek al in hiele list fan dingen dy't wy al dien hiene. In pear jier lyn hawwe wy ris mei hûndert minsken efter de kroade stien. Dêr hawwe wy ek in foto fan meistjoerd, dus dat makke ek wol yndruk."
Galema: "Wy kinne in soad dingen dwaan mei it jild. It Heidenskip bestiet foar it in grut par út boeren. Binne al in soad mei greidefûgellân, mar as dêrnjonken in rûge hoeke sit kin it inoar tsjinwurkje. Dus as wy wat wolle mei fûgels, moat der wol wat barre. It lânskip moat wat iepener, mear mei blommen en de rûge hoeken moatte wike. En der moat gearwurkje wurde tusken boeren en boargers."
Ysbrand Galema fan It Heidenskip fertelt oer de plannen