Topskaker Ivanchuk seit Frysk damtoernoai ôf fanwege coronafirus

Ien fan de favoriten foar de titel Frysk dammer, de Oekraynske skaakgrutmaster Vassily Ivanchuk hat him in dei foar de iepening ôfmeld, om't hy benaud is foar syn sûnens fanwege it coronafirus.
Vassily Ivanchuk © ANP
Tritich dielnimmers binne woansdei begûn oan harren striid om it rjocht de wrâldkampioen Frysk damjen út te daagjen.
De earste fjouwer fan it Fryslân Open pleatse har foar de finale fan it kandidatetoernoai. Dêryn wurdt striden tsjin wrâldkampioen Marten Walinga.
De earste set is woansdeitemoarn dien troch wethâlder Jan Dijkstra. De favoriten op it toernoai binne Alexander Shvartsman (Ruslân) en Jelle Wiersma (Nederlân). Sy treffe elkoar al yn de earst ronde.
It toernoai Fryslân Open is woansdei, tongersdei en freed fan 10.00 oere ôf oant 17.30 oere op de tallships oan de Suderkade yn Frjentsjer.