Heechlearaar Van de Velde: "Ik wil helpen om het Fries sterker te maken"

Heechlearaar sosjolinguistyk Hans Van de Velde hâldt dizze woansdei oan de Universiteit Utrecht syn oraasje, dy't heart by de learstoel oer de taalsituaasje yn Fryslân. De oraasje hat as titel 'de fertuteazing fan it Frysk.'
© www.fryske-akademy.nl
"Met 'fertutearzing' bedoel ik vanuit de wetenschappelijk hoek gezien. De Nederlandse taalkundigen staan internationaal aan de top. Het Nederlands is een van de best bestudeerde talen ter wereld, maar er is weinig aandacht voor het Fries. Dat ligt deels aan de Friezen, die wat meer naar buiten mogen komen met hun mooie taal. En dan heb ik het niet alleen over het Fries, maar ook over het Stads en Bildts."
Hy praat ek oer de beliedskant. "Je mag Fries gebruiken, maar pas op, niet buiten de provinciegrens in bijvoorbeeld communicatie met het Rijk. Ik roep op om dat principe op te heffen, zodat je met nationale overheden in het Fries kan communiceren." Hy fynt dat belangrike stappen. Keamerlid Harry van der Molen hat dat lêsten ek ûnderfûn doe't er yn it Frysk keamerfragen stelde oan de minister.
As Flaming fynt Van de Velde dat Friezen har te maklik oan de kant sette litte. "De provincie doet heel veel om het beleid te implementeren, maar die heeft ook niet alle middelen." It jild foar it Frysk komt fan de provinsje en net fan it Ryk. "Als ik een rekensommetje maak, geeft het Rijk zo'n vijftig cent per Fries uit aan de taal."

Verbindingsofficier

Wat is de funksje fan de learstoel? "Ik ben een soort verbindingsofficier tussen de Nederlandse taalwetenschappers en de Friese actoren zoals de Rijksuniversiteit Groningen, Fryske Akademy en NHL Stenden om onderzoekers bij elkaar te brengen en zo meer te weten te komen over het Fries."
Hy pleitet foar mear jild om sa bettere taalhelpmiddels te krijen lykas beter wurkjende spraakwerkenning. Neffens him is it Frysk yn gefaar. "Het Fries is vooral een spreektaal en die is in gevaar aan het komen, omdat we de stap niet kunnen zetten naar spraakherkenning, dat je commando's geeft aan je auto of magnetron. Dat kan nu alleen in het Engels of Nederlands. De Friese taaloptie is er niet, omdat die technologie er niet is."
Hy sjocht himsels net as rêder fan it Frysk. "Maar ik wil wel helpen om het Fries sterker te maken, dat het blijft voortbestaan en doorgegeven wordt aan jonge generaties. Het Fries redden moeten de Friezen zelf doen en het beleid ook."
Hans Van de Velde
Hans Van de Velde wurket by de Fryske Akademy. Mei yngong fan 1 april 2019 is er beneamd ta heechlearaar fan de fakulteit Geesteswetenschappen oan de Universiteit Utrecht.