Gjin treinen tusken Grins en Fryslân op Keningsdei
Der ride gjin treinen fan Grins nei Fryslân op Keningdei fanwege wurksumheden oan it spoar. Yn de maaiefakânsje fan sneon 25 april oant en mei snein 3 maaie wurdt der op ferskate plakken oan it spoar wurke.

Yn de fakânsje ride der fan 25 april oant en mei 28 april gjin treinen tusken Grins en Bûtenpost en fan 29 april oant en mei 3 maaie gjin treinen tusken Grins en Hurdegaryp. Arriva set bussen yn en jout oan dat reizgers rekken hâlde moatte mei ekstra reistiid.
Stasjons
Mei de wurksumheden wurde de perrons fan Bûtenpost en Grijpskerk ferlinge sadat der langere treinen ride kinne. It perron fan Bûtenpost wurdt ek ferhege. Yn Zuidhorn wurdt it hiele perron fernijd. Op de Grinzer stasjons Grijpskerk en Zuidhorn wurdt de ferljochting oanpast sadat it allinnich brânt as der ien op it perron stiet. Ek wurdt it stasjonsmeubilêr ferfongen.
Sneltrein
De wurksumheden wurde útfierd fanwege de ekstra sneltrein tusken Grins en Ljouwert (ESGL). Mei de komst dêrfan sille der fan ein 2020 ôf alle oeren, neist twa stoptreinen, ek twa sneltreinen op it trajekt ride.