YN KAART: Kriminaliteit yn Noard-Nederlân

De plysje hat by santjin ynfallen en oanhâldingen yn Noard-Nederlân ûnder oare trije kalasjnikovs, pistoalen, drugs en oare munysje fûn. De aksjes begûnen op tongersdei 27 febrewaris en de ôfrûne dagen is hieltyd mear dúdlik wurden. En dan wie der ek noch dy grutte brân yn Easterwâlde, flakby it sintrum fan de plysje-aksjes.
In oersjoch fan wat oant no ta bekend is:
Oan de Lavendelheide yn Drachten sjit de plysje op tongersdeitejûn 27 febrewaris in man út Marum del. De plysje woe dy man oanhâlde yn ferbân mei in grutte aksje yn Noard-Nederlân. By dy aksje wurde ynfallen dien op santjin plakken, ûnder oare yn Drachten, Ljouwert en twa plakken yn Easterwâlde. Yn totaal wurde tsien minsken oanholden, wêrûnder trije Friezen: in 34-jierrige man út Easterwâlde en twa manlju fan 31 en 34 jier út Ljouwert.
De Kringloopwinkel yn Easterwâlde, it sintrum fan de ynfallen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Yn Drachten waarden trije minsken oanholden. Yn de auto fan ien fan de fertochten leine twa automatyske wapens, wêrûnder ien kalasjnikov-gewear. By de grutte aksje hat de plysje ek huzen en auto's trochsocht. Yn ien fan de auto's fûn de plysje twa kalasjnikovs, twa pistoalen en trije kilo syntetyske drugs. Yn ien fan de huzen waarden dêrnjonken in soad lege ferpakkingen fan hângranaten fûn.
It Iepenbier Ministearje is der sels fan skrokken dat der kalasjnikovs fûn binne. Justysje neamt it in opfallende fynst.

De wacht hâlde

In spesjale ploech fan Definsje hat boppedat ferstoppe wapens en munysje fûn dy't klear wiene om brûkt te wurden. Dy sieten yn ferburgen romten. "Met het blote oog was dit niet waarneembaar, maar wel grijp- en gebruiksklaar", seit de offisier fan justysje.
Guon pannen waarden yn de nacht fan tongersdei 27 op freed 28 febrewaris ekstra yn de gaten holden, om spoaren feilich te stellen en sadat Definsje op freed fierder sykje koe. Dat ha se dien mei röntgenapparatuer. Der is ek noch beslach lein op telefoans, simkaarten, kompjûters, gegevensdragers, falske identiteitspapieren en administraasje.
© De Vries Media
Neffens it Iepenbier Ministearje befêstigje de fynsten de fertinkingen: hannel yn fjoerwapens en ferdôvjende middels, fraude en geweldsmisdriuwen.
Easterwâlde liket it sintrum te wêzen. De Kringloopwinkel dêr is in wichtich plak. Sûnt 1 jannewaris dit jier hiert in 34-jierrige man út Easterwâlde it pân. Hy is ien fan de fertochten yn it ûndersyk en is ien fan de trije Friezen dy't oppakt binne. Hy is gjin ûnbekende fan de plysje. Sa krige er earder selstraf foar syn belutsenens by de Tsjûkemarmoard yn 2013. Hy hierde it gebou yn Easterwâlde mei in 36-jierrige kompaan út Hoogeveen. Dy is ek oppakt.
Dy man út Hoogeveen, is neffens ûndersyk fan RTV Drenthe ek gjin ûnbekende fan de plysje. Hy stiet bekend as ynbrekker en is feroardiele foar fraude.
Fryslân Hjoed oer kriminaliteit yn Noard-Nederlân:
Easterwalde
Twa dagen letter, yn de nacht fan sneon op snein brânt flakby de Kringloopwinkel yn Easterwâlde in grutte loads folslein ôf. Dêr sieten ûnder oare in houtbewurkingsbedriuw en in merke-eksploitant yn.
De ôfbrânde loads lei flakby de Kringloopwinkel © Omrop Fryslân

Undersyk giet fierder

Yn it doarp geane in soad geroften oer de oarsaak fan de brân. De plysje begrypt dat der in ferbân lein wurdt tusken de twa ynsidinten, mar ûndersiket noch oft dat ferbân der is.
De technyske resjerzje is mei sân minsken dwaande oan in wiidweidich spoare-ûndersyk. Dêrby wurde ûnder oare plysjehûnen ynset, der wurde grûnmeunsters nommen en der wurdt yn de grûn groeven en in helikopter makket loftbylden. Tsjûgen sizze dat se by de brân grutte doarren fan de loads iepenstean sjoen hiene. Fierders binne der ek noch opnamen fan bewakingskamera's dy't besjoen wurde moatte.