UPDATE: Brân yn agrarysk bedriuw Stiens wer út
Yn in loads fan agrarysk bedriuw oan de Seerob yn Stiens hat freedtemiddei koart brân west. De brân waard opskaald nei middelbrân, der wiene meardere korpsen útriden. De brân is yntusken útmakke.

By de brân is yn koarte tiid in soad reek frijkaam. Der wiene op dat stuit gjin minsken oanwêzich yn it gebou. Wol stiene der gasflessen, dy't út foarsoarch fuorthelle binne.
De brânwacht hat it gebou fentilearre en neikontrôle dien.