Nije bestimmingsplan Griene Stjer kin noch lang op him wachtsje litte

Sa'n tritich belangstellenden kamen tongersdei ôf op in ynformaasjegearkomste fan de gemeente Ljouwert oer de takomst fan rekreaasjegebiet De Griene Stjer yn Ljouwert. De gemeente is dwaande mei in Miljeueffektrapportaazje (MER) om goed út te sykjen wat allegear mooglik is yn it gebiet.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Sa wurdt ûndersocht wat it effekt fan de festivals is op it miljeu. It moat der eintsjebeslút ta liede dat de gemeente it bestimmingsplan oanpast sa't foar eltsenien dúdlik is wat der yn dat gebiet al en net mei.
Der is al jierren striid oer de festivals yn it De Griene Stjer. It terrein wurdt yn de simmer brûkt as festivalgebiet. Psy-fi en Welcome to the Village binne fêste klanten. De festivals soargje ek foar oerlêst. De omjouwingsfergunning dy't de organisaasjes oanfreegje moatte, wurde al jierren oanfochten troch stifting Groene Ster Duurzaam.

Undersyk net objektyf

Mei de MER wurdt ûndersocht wat no de krekte gefolgen fan de festivals binne foar it miljeu. Mar neffens Tonny Huisink is dat ûndersyk net earlik: "Ze gaan onderzoek doen naar het effect op het milieu in een gebied waar al jaren festivals zijn. Niemand die meer weet hoe het was. Ik ben niet gerustgesteld, ja, pas als ik zeker weet dat er geen geluidsoverlast meer is van de festivals."
Theo van Gelder fan Groene Ster Duurzaam tinkt dat de folsleine stúdzje dy't de gemeente no útfiere lit gjin doel hat: "De rechter heeft keer op keer gesteld dat er ook gekeken moet worden naar andere festivallocaties. Zoals ik het nu zie doet de gemeente dat niet." De stifting hat al oanjûn dat se MER oanfjochtsje sille by de Raad van State.
Psy-fi © Omrop Fryslân
Wethâlder Sjoerd Feitsma seit dat mei fertrouwen temjitte te sjen: "Wy wolle mei dizze MER-stúdzje no foar eltsenien dúdlikheid krije: wat mei no yn de takomst al en net yn it rekreaasjegebiet. Dan ha omwenners regels om te toetsen en ek minsken dy't in festival organisearje wolle, witte wêr't se oan ta binne."
De festivalorganisaasjes sels wachtsje de útkomsten ôf. Wiebe Kootstra fan Psy-fi bygelyks: "It is al sein dat se nei de Raad van State gean. De grutste fraach foar my is no hoelang't oft dit proses noch trochgiet."

Beslút yn de hjerst

De earste MER-stúdzje kin yn maaie/juny klear besjoen wurde en belanghawwenden kinne dan in sjenswize yntsjinje. Yn de hjerst nimt de gemeenteried dan in beslút.