Oandielhâlder FB Oranjewoud wol net reagearje op finansjele situaasje NDC

De finansjele situaasje fan krante-útjouwer NDC is sa min dat de oandielhâlders meardere kearen byspringe moasten om it konsern oerein te hâlden. Earder sneon waard bekend dat de útjouwer fan de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en it Dagblad van het Noorden binnen twa jier selsstannich fierder kinne moatte, oars wurde se ferkocht. Dat seit direkteur Pier Baarsma. Mar de Fryske oandielhâlder FB Oranjewoud wol net reagearje.
© FB Oranjewoud

Twadde jier mei ferlies

It jier 2018 wie it twadde jier op rige dat de krante-útjouwer NDC mei ferlies draaide, fan 4,8 miljoen euro. Yn 2017 kaam it mediakonsern ek yn de reade sifers (5,2 miljoen euro). Oandielhâlders it Je Maintiendrai Fûns en FB Oranjewoud Participaties BV, stelden yn 2018 jild (3,6 miljoen euro) beskikber om it NDC-fermogen te fersterkjen.

Garant foar maks 2,8 miljoen

Fia in letter of comfort stelden se har ein 2019 ek noch garant foar it opfangen fan maksimaal 2,8 miljoen oan ôffallers, sadat it fuortbestean fan NDC fersekere wurde koe. Sa'n letter of comfort is in ferklearring dy't eins allinnich opsteld wurdt wannear't der serieuze twivels bestean oer de kontinuïteit fan in ûndernimming. Yn 'e regel freget de akkountant dêrom.

Achterstelde liening

Ek mocht NDC it ôfrûne jier in achterstelde liening fan 5,5 miljoen letter ôflosse. Dat joech it bedriuw wat romte om sawol de reorganisaasje as de ynvestearrings foar de omkear dêr't it bedriuw oan wurket, te finansierjen. Om de ôffloeiïngsregeling út de reorganisaasje wei betelje te kinnen wie boppedat in ekstra liening fan 5 miljoen euro nedich dy't troch oandielhâlder FB Oranjewoud Participaties op tafel lein waard.

Wa binne de oandielhâlders?

FB Oranjewoud hat 82 persint fan de oandielen yn NDC mediagroep. De oare 18 persint is yn hannen fan it Je Maintiendrai Fûns. Dat lêste hat syn woartels yn de útjefte fan yllegale fersetsblêden yn de Twadde Wrâldoarloch. Wichtichste doelstelling fan it Je Maintiendrai Fûns is it garandearjen fan it fuortbestean fan de Ljouwerter Krante en het Dagblad van het Noorden.
FB Oranjewoud beheart de neilittenskip fan de Friesland Bank en hat as doel it befoarderjen fan it sosjaal, ekonomysk en kultureel klimaat yn Noard-Nederlân. Mei eksplisyt de taheakking dat FB Oranjewoud fan wearde wêze sil foar Fryslân en de Friezen.

"Het is al jaren spannend"

Foarsitter Jorrit Volkers fan FB Oranjewoud en vice-foarsitter Ali Edelenbosch fan it Je Maintiendrai Fûns wolle net reagearje op fragen oer de finansjele situaasje by de NDC. Wol makket ien út de rûnten fan de oandielhâlders de opmerking: "Het is al jaren spannend en dat is het nu ook."

Krante moat oerlibje

Op de fraach oft de oandielhâlders út harren ideologyske doelstelling wei de ferkeap fan it konsern blokkearje sille, folget it antwurd: "We hebben als aandeelhouders natuurlijk onze principes. Die zijn al 75 jaar oud. Maar het eerste dat we willen is dat de krant overleeft. We zullen mogelijk een keer de afweging moeten maken over wat de hoogste prioriteit heeft."
Besjoch ek:
It ûndersyk nei de NDC is dien troch Loek Mulder fan RTV Noord yn it ramt fan in gearwurkingsprojekt tusken Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.