Fleanbasis Ljouwert krige tik op de fingers fan ILT

De fleanbasis yn Ljouwert hat yn 2018 in tik op de fingers krigen fan de Inspectie Leefomgeving en Transport, de ILT. Dy drige mei it oplizzen fan in twangsom omdat de oplachtanks foar brânstoffen dy't boppe de grûn stean net op tiid keurd wienen. De fleanbasis hat aksje ûndernommen en dêrom hat de ILT de twangsom ynlutsen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dit docht bliken út in tiidline fan de ynspeksje nei oanlieding fan Keamerfragen oer de fergunningen fan de Ljouwerter fleanbasis. Ut de ynformaasje fan de ILT docht fierder bliken dat de fleanbasis gjin omjouwings- dan wol natoerfergunning oanfrege hat, wylst dêr al yn 2018 troch de ILT om frege waard. De fergunning út 2001 foldocht nammentlik net mear, mei troch de komst fan de F35.
Omdat de F35 op de fleanbasis in plak krijt, moatte der in oantal oanpassingen dien wurde. Dat binne lykwols oanpassingen oan de grins fan de basis sels, gebouwen en oare opslachtanks. Foar alle dizze saken binne fergunnings ôfjûn.
Dit fernuveret Gina Kamsma. Sy is jurist en die in berop op de Wet openbaar bestuur (Wob) om út te finen oft de fergunnings fan de fleanbasis wol op oarder binne. De ynformaasje fan de ILT befestiget neffens Kamsma dat dat net it gefal is. "Oer de twangsom fan de ynspeksje fanwegen de opslachtanks, is earder neat nei bûten brocht troch definsje."
Kamsma is dan ek benijd nei it ferfolch. "GrienLinks hat yn de proseduere-fergadering frege om in brief fan de minister fan Definsje om opheldering te jaan oer de fergunning fan de fleanbasis."
Gina Kamsma oer de fergunningen fan de Ljouwerter fleanbasis