Mear oandacht foar Fryske keunst yn it Fries Museum

It Fries Museum krijt mear oandacht foar de Fryske keunst en keunstners. Boppedat sil yn it museum in aparte romte ynrjochte wurde foar keunst út Fryslân. Dat seit de nije konservator moderne keunsten Hanne Hagenaars. Hagenaars wie woansdei spesjale gast yn IepenUP Live, dat hielendal yn it teken stie fan de earste eksposysje Other Worldly, dy't sy foar it Fries Museum ynrjochte hat.
Other Worldly is in eksposysje mei wurken oer it wetter: de floara en de fauna, mar ek de fersmoarging en it natuergeweld lykas oerstreamings. "Bewust gekozen, omdat deze provincie zo direct verbonden is met alles wat met zee en water te maken heeft", is de ferklearring fan Hagenaars foar har ekposysjekar.
Ek bûtenlânske keunstners dy't de nije konservator oan it Fryske publyk sjen litte wol, sille op ien of oare wize in bân mei Fryslân hawwe moatte. Sa is op de eksposysje ûnder oare wurk te sjen fan Kinke Kooi. In keunstner dy't op dit stuit mei har tekenwurk grutte wurdearring krijt yn New York, mar berne is yn Ljouwert. In ekstra reden foar Hagenaars om krekt fan dizze keunstner in wurk oan te keapjen foar de fêste kolleksje fan it Fries Museum.

Taus Machakheva

As in oar foarbyld neamt Hagenaars de Russyske keunstner Taus Machakheva, dy't se nei Ljouwert helje wol. Ek sy heart krekt as de Friezen by in minderheidsgroep mei in eigen taal. Foar de nije eksposysje sil Machakheva dêrom earst in skoft lang yn Fryslân wenje en wurkje om út dy ûnderfining wei ta in eigen kreative ferbylding te kommen. "Ik wil graag dat de mensen door de kunst die ik laat zien over de wereld gaan nadenken. En hun eigen plek daarin. Kunst is niet in pamflet dat een mening verkondigt, maar moet de toeschouwer juist stimuleren om tot zijn eigen gedachten te komen."

Osedax

Dêryn is Hagenaars mei har earste eksposysje dan treflik slagge, sa die bliken út de reaksje fan it publyk by IepenUP. Benammen de ynstallaasje Osedax hie by guon besikers in soad yndruk makke. As Hagenaars har sin krijt, wurdt dit wurk, dat yn in soarte fan black box in bûtenwenstich byld jout fan it ekosysteem op de seeboaiem, ynkoarten ek troch it Fries Museum oankocht.
IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.