Brian docht mei oan lanlike wedstriid talintfolste mbû'er fan Nederlân
Wa is de talintfolste bakker, kapper of mitseler fan Nederlân? Om dat út te finen sille learlingen fan it middelber beropsûnderwiis (mbû) út it hiele lân de striid oangean yn Skills the Finals. Fan 4 oant en mei 6 maart wurdt yn it WTC Expo yn Ljouwert troch sa'n tûzen mbû-ers striden om de Nederlânske titel.
Ynstallateur Brian Fox fertsjintwurdiget syn skoalle De Friese Poort en moat it yn de finale opnimme tsjin sân oare finalisten út hiel Nederlân. Yn trije dagen moat er in komplete badkeamer ynstallearje. It is net de earste kear dat Brian de finale hellet. Ferline jier waard er fiifde. Hy wurket 4,5 dei yn de wike by Kiers yn Noardburgum.
Skills the Finals hat as doel om de praktykberoppen oantrekliker te meitsjen foar nije studinten yn it middelber beropsûnderwiis. Dit jier wurdt it foar de fiifde kear holden.