Grut ferlet fan in kultureel brûsplak op De Jouwer

Tsientallen kulturele en sosjale organisaasjes yn de gemeente De Fryske Marren binne op syk nei in fêst ûnderkommen. It is de bedoeling dat se allegearre op ien plak komme op in saneamd brûsplak. Op it stuit is in spesjale wurkgroep drok dwaande om de mooglikheden te ûndersykjen.
Kultuer yn De Fryske Marren
Foar de Jouster Fanfare moat it net te lang mear duorje. Se oefenje no yn in romte neist de âlde sporthal, ek wol de evenemintehal neamd. "It is hjir kâld en as it reint, lizze der grutte plassen wetter op de grûn. Dan is it krekt ast bûten bist", fertelt foarsitter Sandra Meesters. "Oan de oare kant binne we ek tankber dat we hjir sitte kinne, want we binne in grutte feriening. Der is gjin oar plak op De Jouwer dêr't we oefenje kinne."
Sandra Meesters, foarsitter Jouster Fanfare

Brûsplak

De toaniel- en muzykferiening binne al in pear jier op syk nei in nij ûnderkommen. Sûnt it sluten fan Mix Welzijn yn 2019 binne der ek in soad frijwilligersorganisaasjes dy't sûnder plak sitte, lykas kofjedrinkklups of de bridgeklup. Yntusken is der in spesjale projektgroep opset wêryn't de gemeente yn gearwurking mei de ferienings dwaande is om in konkreet plan te meitsjen foar in brûsplak, dêr't romte wêze moat foar alle ferienings.
In multyfunksjoneel sintrum, dêr geane we foar
Tjitske Stegenga
"We binne no dwaande mei in draachflakûndersyk", sa fertelt Tjitske Stegenga dy't yn de projektgroep sit. "We hawwe alle 90 organisaasjes in fragelist stjoerd en wolle graach witte wat se krekt dogge, wêr't se ferlet fan hawwe en hoefolle kante meter se nedich hawwe." Op 19 maart wurde dêr de útkomsten fan presintearre. Mei dizze ynformaasje kin it plan wer fierder útwurke wurde. Al hat Stegenga wol in dúdlik doel. "In multyfunksjoneel sintrum, der geane we foar."
Tjitske Stegenga, wurkgroep Brûsplak De Jouwer
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Jild

Grutte fraach is oft der jild beskikber is foar in nij multyfunksjoneel sintrum. Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân ein foarich jier die bliken dat de gemeente De Fryske Marren per ynwenner it minst oan kultuer útjout fan alle Fryske gemeenten. Wethâlder Roel de Jong wol dizze útkomst graach nuansearje. "Ast sjochst nei gemeenten dy't in teäter hawwe, dan geane de kosten al gau omheech en dat jout in fertekening."
Hy doelt op de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't yn deselde kategory gemeente falt as De Fryske Marren: fan tusken de 50.000 en 100.000 ynwenners. "Oan de oare kant makket dit ûndersyk de gemeente wol alert om goed te sjen nei hoe't we eins helpe en wêr't we allegearre yn ynvestearje yn kultuer."
De Jong lit witte dat der yn de planfoarming fan it brûsplak mei opsetsin net gelyk al in bedrach oan keppele is. "De ferienings moatte earst sels sjen wat se wolle en hoe't se dat berikke wolle. Ik ferwachtsje dat hjir ferskate senario's útkomme en hjir moat de gemeenteried dan in beslút oer nimme."
Roel de Jong, wethâlder De Fryske Marren