Stipe foar aksjefierende boeren nimt ôf

Goed 30 prosint fan de ynwenners fan Noard-Nederlân jout oan dat se minder stipe jouwe oan de boeren as by de foarige aksjes. Dat komt ûnder oare troch hurde útspraken fan Farmers Defence Force. Dat docht bliken út in enkête hâlden troch Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost.
Minder stipe foar aksjefierende boeren
Op de dei foar nije protesten, as boeren wer nei Den Haag gean sille, is it noch mar de fraach oft Nederlân noch wol op de boereprotesten sit te wachtsjen. Lange files en útspraken dy't net goed falle. Soene dy ynfloed hân hawwe kinne op de sympaty dy't it publyk hat foar de boere-aksjes?

Hurde útspraken

Dy ynfloed is der wol. Hoewol't noch goed de helte fan de minsken dy't ûnderfrege binne, seit dat se de demonstraasjes fan woansdei min of mear stypje, jout mear as 30 prosint oan dat se no minder stipe jouwe as by eardere aksjes.
Op de fraach oft troch de hurde útspraken fan Farmers Defence Force boere-aksjes minder stipe krije, antwurdet ek goed 30 prosint 'ja'. It stânpunt fan de boeren hat by de minsken oan sympaty ferlern.
Minsken dy't harren antwurd taljochte hawwe, hawwe ûnder oare muoite mei de ferliking mei de Holocaust dy't FDF-foaroanman Mark van den Oever yn desimber ferline jier makke hat.
Ien dielnimmer oan de enkête fertelt de frustraasje en de emoasjes fan de boeren earst wol te begripen, mar sjocht no neat mear yn de protesten.
De Holocaust-ferliking en it yn gefaar bringen fan de feiligens hawwe as gefolch dat dizze ûnderfrege ôfstân nimt fan de beweging.
Dat der aksjefierd wurdt tsjin it stikstofbelied fine de minsken net sa gek. Mear as 60 prosint fan de ûnderfregen is it dêr hielendal of foar in part mei iens. Bykber is it de foarm en de fûlens fan de protesten dy't wjerstân oproppe.
© ANP
Redakteur Eva Meesterberends en Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force

Stikstofbelied

Dat boeren harren samar dellizze by de stikstofmaatregels, fynt in lytse minderheid in goed idee. Mar 5 prosint fan de ûnderfregen is fan betinken dat de boeren dat dwaan moatte en krekt wat mear as 12 prosint is it dêr foar in part mei iens.
Hoe moat it dan wol? Mear as de helte fan de ûnderfregen fynt dat der strangere maatregels nommen wurde moatte yn oare sektoaren, krekt om de boeren te sparjen.
Tagelyk fynt mear as 40 prosint dat de agraryske sektor ek bydrage moat oan fermindering fan de stikstofútstjit, ek as dat neidielich wêze soe foar de boeren. Elkenien moat meihelpe. Sa meldt in dielnimmer oan de enkête dat wy der mei-inoar útkomme moatte en dat de dialooch opsocht wurde moat. Sa't it no giet is "net de manier fan ús poldermodel".
It publyk hat en hâldt in soad omtinken foar it ûnderwerp. Hast de helte is it net iens mei de stelling 'ik doch net mei oan de stikstofdiskusje'.
Woansdei gean ek út Fryslân wei opnij boeren nei Den Haag. Se meie net op it Malieveld of de Koekamp dêrnjonken stean, mar moatte parkearje yn de omlizzende strjitten. Ondúdlik is noch hoefolle boeren oft nei de Hôfstêd ôfsette sille.Yn de nacht fan tiisdei op woansdei sille se harren sammelje op ferskate plakken yn de provinsje. Alle ûntwikkelingen binne te folgjen op Omrop Fryslân, yn de Omrop-app en op www.omropfryslan.nl.