Kollum: "It libben fan Pedro"

"'Wij zijn zover, het is nog even wachten op de maatschappij.' Dat is in útspraak fan Jochem Goedhals, in man fan 33, dy't meiwurker is op de Fontys Hogescholen yn Eindhoven. It giet oer it feit dat hy en in oantal studinten sûnt koart in chip ûnder de hûd fan harren hân sette litten ha.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
Mei dy chip kinne sy bygelyks de klúskes by harren sportskoalle iepen krije, kofje ôfrekkenje en sa binne der noch in oantal mooglikheden. Dizze ûntwikkelingen binne net nij, der wurdt al jierren oer publisearre en testen mei dien.
Yn in online artikel op de side fan it Eindhovens Dagblad fertelle in pear studinten wat se mei sa'n chip eins wolle soenen. De iene liket it ideaal om net mear mei jild as in bankpas om te rinnen, de oare wol mei de chip reizgje kinne yn it iepenbier ferfier. Op himsels handich, mar dochs ek wol wat yngewikkeld mei de privacyregels.
Op it earste gesicht liket it prachtich. Sa'n chip kinne je mei fan alles útrêste. Sa kin hy teoretysk bygelyks yn in betiid stadium oanjaan oft je in slimme sykte ha. Of dat jo auto net starte wol as je tefolle alkohol yn it bloed ha. Of in stappeteller foar de statistiken fan jo loopke om it keatsfjild. De studinten binne der fan oertsjûge dat it in kwestje fan tiid is dat elts sa'n chip hat. Miskien ha se wol gelyk. Inkel foardielen, sa sketse de studinten.
Mar ho ris even. Hoe dan? Want sa'n chip kin ek oars brûkt wurde. In lyts futuristysk ynsjoch yn de takomst: Oer in oantal jierren komt yn in sikehûs (thús befalle mei dan net mear) in lytse poppe op de wrâld. Fia de keizersneed, want froulju binne oer in oantal jierren net mear geskikt om natuerlik bern te krijen.
Ek dat stie dizze wike yn de kranten, ik betink it net. Hawar, mem en poppe meitsje it goed. Dokter komt nei fiif minuten mei de chip-ynplanter en in tablet by it bêd en freget oft de nije wrâldboarger al in namme hat. De beide Fryske âlden knikke. It moat mar in Pedro wurde. Pake hjit fan Piet, mar dêr kinne je net mear mei oankomme yn 2045. Dokter knikt begripend en tikket de namme yn. Daliks wurdt der troch yngewikkelde ferbiningen in unike chip oanmakke.
Pedro syn oanmelding op de wrâld is hjirmei klear en de chip wurdt hupsakee yn syn lytse, noch rimpelige hantsje sketten. Pleisterke derop en klear. Der wurdt daliks foar it earst online ferbining makke mei Pedro, dy't jammeret omdat dy chipynsjitterij him sear docht. De boargerlike stân wurdt automatysk ynljochte, Pedro hat in libbensnûmer, krekt as de kij, hynders, hûnen en katten. Ek de belesting, it ministearje fan Ynlânske Saken, de geheime tsjinsten en, mei wat pech, ek in oantal tûke hackers mei minder goede bedoelings witte daliks fan it bestean fan Pedro.
As de susters de kommende tiid Pedro in skjin ruft oandogge, lêze se earst syn chip út, sadat alle hannelingen daliks yn syn automatysk keppele online dossier opslein wurde. Pedro kin troch de nije technyk fan de widze oant it grêf folge wurde. Syn liif stiet troch de modernste wittenskip trochrinnend ûnder kontrôle.
Sis no net dat soks net mooglik is. Yn 1969 stie der al immen op de moanne, mei de houtsjetoutsje-kompjûters fan doe. Mar wolle jo en ik dat, dy totale kontrôle oer alles dat we dogge? Ik kin allinnich foar mysels sprekke en dat antwurd is hiel helder: nee.
It is oandwaanlik, kwa naïviteit, dy studinten. Se bedoele it grif hartstikke goed, sjogge der gjin kwea yn en technology hat in mega soad goeds brocht.
Mar: Big Brother hoecht om my net alle dagen fan myn libben oer myn skouder mei te sjen nei wat ik doch en foaral hoe't ik it doch. Ik bliuw chipleas, as jim it net slim fine."