Frou mei MS organisearret alvestêdetocht foar minsken mei beheining

Sandy Krijnen út Koarnwert hat MS en sadwaande kin se net meidwaan mei har man oan de Fytsalvestêdetocht. Dat moat oars, tocht se, en se naam it inisjatyf foar de 'Onbeperkte 11-stedentocht'. Dêrmei wol se dat minsken dy't altyd oan de kant stean de gelegenheid krije om sels yn de skynwerpers te stean. De tocht sil hâlden wurde yn septimber.
Unbeperkte Alvestedetocht
Yn 2009 stie Sandy Krijnen yn har rolstoel oan de kant by de Fytsalvestêdetocht. Har man die mei en sy koe dat net mear en dat fielde net goed. Sy kaam op it idee om in alvestêdetocht te hâlden dy't oer in pear dagen hâlden wurdt. Sa kinne minsken mei in beheining ek meidwaan.
Yntusken is Sandy net mear ôfhinklik fan in rolstoel. Se is ophâlden mei har medikaasje en hat ûnder oare har itenspatroan drastysk oanpast. Hûn Bowie helpt har by it rinnen. Hy is grut en hâldt har by it rinnen stabyl.
Sandy en har hûn Bowie © Omrop Fryslan
Dat se wer better wurden is, is opmerklik. Har neurolooch stiet der ek fan te sjen. Hoe't it kin dat funksjes weromkommen binne, is net dúdlik. Mei de ûnbeheinde alvestêdetocht wol sy minsken mei in beheining in doel jaan om harren grinzen te ferlizzen en sels ek mei te dwaan.
Neffens Sandy is it bêst dreech om dy doelgroep yn beweging te krijen, ek omdat de omjouwing it wol ris ôfremje wol. Dochs hopet sy dat hûnderten minsken meidwaan sille oan de tocht dy't fan 23 oant en mei 26 septimber hâlden wurde sil.
© Omrop Fryslan
Sandy Krijnen