Kearslûzen bliuwe langer ticht fanwege stoarmwaar

De kearslûzen dy't fan 't wykein sletten binne fanwege it stoarmwaar, bliuwe noch even ticht. It giet om de kearslûzen by Goaiïngaryp en Broek, de Jouster slûs en de kearslûs Lange Sleat.
© Omrop Fryslân
De kearslûzen hiene tiisdei wer iepen sillen. Se bliuwe no ticht oant woansdeitemoarn in oere as tsien, omdat der noch altiten in hurde wyn stiet.