DINGtiid tsjin rjochtbanken: "Situaasje Frysk yn rjochtspraak is nuodlik"

Advysorgaan foar de Fryske taal DINGtiid makket him grutte soargen oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank. Dat skriuwe se yn in brief oan ûnder oare de rjochtbank Noard-Nederlân en it ministearje fan Justysje. Direkte oanlieding foar de brief is de rjochtsaak tsjin Jenny Douwes ein ferline jier.
De rjochtbank yn Ljouwert © ANP
Douwes woe Frysk prate yn de rjochtbank, mar de rjochter koe har net ferstean. En de tolk wie net betûft genôch om wat der sein waard goed te fertalen, sa skriuwt DINGtiid yn de brief.

Giet net goed yn de praktyk

Neffens it advysorgaan is yn de wet fêstlein dat elke ynwenner fan Fryslân yn de rjochtbank it Frysk brûke mei, mar yn de praktyk giet dat faak noch net goed en moat der dochs oerskeakele wurde nei it Nederlânsk.
Se roppe de rjochtbank en it ministearje op om aksje te ûndernimmen en freegje omtinken foar de posysje fan it Frysk yn de rjochtspraak. "De situaasje fan it Frysk binnen de rjochtspraak is nuodlik", neffens DINGtiid, en "dêr moat mear omtinken foar komme".