FIDEO: ELP bliuwt yn kolleezje Smellingerlân, seit foarman Yntze de Vries

De grutste fraksje yn de gemeenteried fan Smellingerlân, de ELP, bliuwt yn it kolleezje fan b en w wethâlders leverjen. En fan in eventueel opstappen fan de polityk lieder Yntze de Vries is al hielendal gjin sprake. Dat seit De Vries yn It Polytburo by Omrop Fryslân.
Nei it opstappen fan mar leafst trije wethâlders is der sprake fan in politike krisis yn Smellingerlân. Ald-deputearre Ton Baas komt nije wike mei in oplossing foar dy krisis.
Troch in protte partijen, de PvdA yn it bysûnder, wurdt Yntze de Vries sjoen as in man mei wa't feitlik net gear te wurkjen falt. Sa keart er him geregeld tsjin it kolleezje, dat nota bene twa wethâlders fan syn eigen partij hat. Dochs fynt De Vries himsels polityk sjoen gjin muoilike man. Hy wiist derop dat riedsleden achte wurde kritysk te wêzen yn de rjochting fan in kolleezje fan boargemaster en wethâlders.