Burgumer basisskoalbern krije les fan leararen út fuortset ûnderwiis

Basisskoalbern yn Noard-Nederlân krije nije wike foar it earst les fan leararen út it fuortset ûnderwiis. Dat sil wêze yn Burgum. Dosinten fan OSG Singelland sille trije dagen lesjaan oan groep 8 fan basisskoalle 't Partoer. De learlingen folgje de normale skoaloeren, mar krije de lessen op de lokaasje fan OSG Singelland.
OBS 't Partoer Burgum © Google Streetview
De learlingen krije Nederlânsk, Ingelsk, ekonomy, ierdrykskunde, skiednis, muzyk, gimmestyk en boargerskip en maatskippijlear. Boppedat binne op dy dagen de advyspetearen foar it fuortset ûnderwiis ynpland. Gewoanwei wurdt dat yn de jûnsoeren dien mar dat kin no moai oerdei as de bern dochs al yn it gebou fan OSG Singelland binne.
Ek yn Burgum is ferlet fan learkrêften dy't ferfange kinne as ien fan de fêste learkrachten siik wurdt of om in oare reden ôfwêzich is. Mei dizze konstruksje wurdt dat probleem oplost. Boppedat soarget it foar wurkdrukferleging foar de basisskoallelearkrêften en de learlingen meitsje op in praktyske wize kennis mei it fuortset ûnderwiis. De ferwachting is fierder dat de kwaliteit fan it fuortset ûnderwiis-advys better wurdt.
De gearwurking tusken Singelland en 't Partoer is in inisjatyf fan beide direkteuren.