Ynsidint by in opfang yn Berltsum
Yn Berltsum soe mooglik in stekynsidint west hawwe yn de opfang foar dak- en thúsleazen Welgelegen oan de Wiersterdyk. It is lykwols noch net bekend oft der minsken ferwûne rekke binne. Neffens de earste berjochten soe de plysje in persoan oanholden hawwe.
Yn deselde opfang hat yn 2017 ek in stekpartij west. Doe is dêr in persoan om it libben kaam.