Man slim ferwûne nei mishanneling yn Wolvegea; plysje siket tsjûgen

In man is sneontejûn slim ferwûne rekke nei't er mishannele wêze soe yn in kafee oan de Hearrenfeansewei yn Wolvegea. De plysje siket tsjûgen fan it gefjocht of minsken dy't kamerabylden hawwe.
It Centrumplein yn Wolvegea © ProNews
Oer de aard fan de ferwûnings en wat him krekt ôfspile hat, wol de plysje neat kwyt. De mishanneling sels soe sneontejûn bard wêze, mar der is pas moandeitemiddei melding makke by de plysje. Neffens de wurdfierder is der foarearst noch gjin oanjefte dien.
Wol is der in ûndersyk yn gong set. Foar dat ûndersyk is de plysje op syk nei minsken dy't mear witte. Dat kin telefoanysk fia 0900-8844 of 0800-6070. Dat kin ek anonym fia 0800-7000 of Meld Misdaad Anoniem.