Sportcast: "Dy Espejord blinkt út troch syn tatoeaazjes"

It Fryske fuotbalwykein begûn mei de wrâldgoal fan Robert Mühren foar SC Cambuur en einige mei de desepsje fan SC Hearrenfean yn Sittard. Fansels kaam alles wer oan bar yn de Sportcast. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de beide wedstriden én Mark Diemers, fuotballer fan Fortuna Sittard, belle yn.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.
Reden ta panyk by Hearrenfean is der noch net nei trije kompetysjenederlagen, sa seit ferslachjouwer Arjen de Boer: "It kin net yn ien kear fuort wêze, dêr leau ik neat fan."
Neffens trainer Johnny Jansen ûntbrutsen snein de puntsjes op de i, mar ferslachjouwer Geert van Tuinen sjocht dêr dochs wat oars tsjinoan: "Dat fûn ik iets te eufemistysk foar wat we sjoen ha."

Runar Espejord

Fansels waard der ek praat oer ynfaller Runar Espejord. Hy hie de lykmakker yn de slotminuten op de holle, mar kopte folslein frijsteand op de peal. Presintator Andries Bakker konkludearret: "Dy Espejord blinkt út troch syn tatoeaazjes".
Neffens De Boer hie in echte spits dy bal makke: "It is lestich om him no al te beoardieljen, mar wat we oant no ta fan him sjoen hawwe... Dat is dat er in enoarme mooglikheid en in penalty mist hat tsjin Willem ll. En hy hie Hearrenfean oan in punt helpe kinnen tsjin Fortuna." Ferslachjouwer Andor Faber: "Helpe kinnen? Helpe moatten!"

Mark Diemers

Fuotballer Mark Diemers wûn snein as spiler fan Fortuna Sittard fan SC Hearrenfean. Dochs is er wol ûnder de yndruk fan dy ploech: "Ik vind Heerenveen echt een hele leuke ploeg om naar te kijken. Ze hebben een leuk voetbalidee met een prima trainer. Die twee buitenspelers zijn echt heel dreigend, Veerman en Faik vind ik goede spelers."
De ôfrûne wike spile Diemers mei Fortuna tsjin sawol SC Hearrenfean as Feyenoord, de tsjinstanner yn de kwartfinale fan de beker fan de Feansters. Diemers hat goed nijs foar harren: "Ze kunnen Feyenoord zomaar eens verrassen."

Wrâldgoal

Fansels folget de Ljouwerter syn âlde klup Cambuur ek noch op de foet. En dus seach hy freed de wrâldgoal fan Robert Mühren: "Een wereldgoal was dat hé. Ik heb hem live op tv gezien. Ik probeer alles van Cambuur zoveel mogelijk te volgen."
Hy hat goeie hoop dat syn âlde wurkjouwer promovearje kin: "Ik weet niet of ze kampioen worden, maar ze gaan in ieder geval bij de eerste twee eindigen. Cambuur speelt super goed voetbal en het is leuk om naar te kijken."

Jaloersk

Neffens Faber soe Fortunees Diemers jaloersk wêze op it fuotbal fan Cambuur. Dat jout er ta: "Soms denk ik wel eens: daar zou ik heel goed in thuis passen. Gister was ons voetbal niet leuk, maar win je wel. Aan het einde van het spelletje heb je toch het liefst drie punten."
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.