Van Hall-studint ûndersiket ûntstean fan boskbrannen

Studint Daan Burger fan de Ljouwerter hegeskoalle Van Hall Larenstein hat bewiis fûn foar it ûntstean fan boskbrannen yn de woartels fan de beammen sels. Fan de brannen yn Australië wurdt wol sein dat se ûnder de grûn ûntstean.
Troch ûndersyk te dwaan nei in brân yn Portugal yn 2017 seach Burger dat woartels ûnder de grûn op lege temperatuer sels ûntbrâne kinne.
"Het kan dat een boom ontbrandt aan de binnenkant en dat je dat aan de buitenkant niet kunt zie", fertelt Daan Burger. "De Eucalyptusboom heeft een stofje dat licht ontvlambaar is. Die boom staat in Portugal en ook in Australië. Ik ben in Portugal het bos ingelopen op zoek naar zo'n boom en heb die uit de grond gehaald en mee naar Nederland genomen voor onderzoek."
Oft dat ek yn Australië de oarsaak west hat, kin er net sizze. "Ze hebben daar wel dezelfde boom, maar een andere soort, dus ik weet niet of hetzelfde stofje erin zit."
Mei dit ûndersyk hopet Burger in bydrage te leverjen oan it bestriden fan boskbrannen, lykas dy yn Australië. Neffens him toant syn ûndersyk oan dat se mei dizze mooglikheid rekken hâlde moatte. "Er is nog veel onderzoek nodig."
Op de iepen dei fan syn skoalle, sneon, lit er syn bewiis sjen.
Daan Burger oer syn ûndersyk