Oername 16 Caparis-meiwurkers kostet Eaststellingwerf 4 miljoen
De oername fan 16 meiwurkers fan Caparis kostet gemeente Eaststellingwerf sa'n 4 miljoen euro. Om't der no folle mear meiwurkers yn de bûtentsjinst wurkje, foldocht de akkommodaasje Nanningawerf yn Easterwâlde net mear oan de ARBO-easken. Dêrom sil der in nij gebou komme moatte.
Eaststellingwerf hat troch de oername de helte mear meiwurkers krigen foar de bûtentsjinsten yn de gemeente. Dêrneist binne der noch trije opslachlokaasjes yn de gemeente, dy't yn striid binne mei it bestimmingsplan. De provinsje sjocht dat op dit stuit noch troch de fingers, mar seit mei klam dat der nije lokaasjes komme moatte.
Der lizze twa plannen by de gemeente om de opslachlokaasjes en de nije akkommodaasje te realisearjen. De plannen rinne fan 3,6 miljoen op oant 4,1 miljoen euro.