Op 'e nij konifearebrân yn Drachten

Yn Drachten binne yn de nacht fan snein op moandei op 'e nij konifearen yn 'e brân stutsen. Dat barde oan de Bergleane. Dêr besochten brânstichters oant twa kear ta in konifearehage yn 'e brân te stekken. Efkes letter wie it raak oan de Ringwei, dêr't in kontener by supermerk Aldi yn 'e brân stutsen waard.
© De Vries Media
De kontener by supermerk Aldi wie earder dit wykein ek al slachtoffer fan brânstichting. By de brân yn de konifearehage binne twa jonges sjoen. De plysje siket tsjûgen.
© De Vries Media
Ferline wike waarden twa jonges fan 13 en 14 jier út Drachten oanhâlden foar it yn de brân stekken fan in konifearehage yn harren wenplak. Se waarden op 'e died trapearre om't in plysjeman him yn de hage ferstoppe hie.