Identiteit fan drinkeling op Skylge nei 52 jier bekend

It docht bliken dat de ûnbekende man dy't yn novimber 1967 oanspielde op Skylge, de seeman Kees van Rijn fan Katwijk wie. Dat is fêststeld nei DNA-ûndersyk troch it Nederlands Forensisch Instituut. Van Rijn kaam op 22-jierrige leeftiid om, doe't it skip dêr't hy op siet yn in swiere stoarm op de Noardsee sonk.
Drinkeling
Kees van Rijn wie as ûnbekend persoan begroeven. It gie om it skip de KW37 Orion. Alle seis bemanningsleden kamen om. Fan harren is allinnich skipper Jan Nijgh noait fûn.
It DNA fan neibesteanden fan Van Rijk is ferlike mei DNA-profilen yn de 'Databank Vermiste Personen' fan de plysje. De neibesteanden binne tongersdeitemiddei op 'e hichte brocht troch in coldcase team.