Accolade fierder mei nijbouplannen Drachten; bewenners meie mei foarrang ferhúzje

No't 34 wenten oan de Geelgorsstrjitte en de Noarderdwersfeart yn Drachten gjin monumintestatus krije, giet wenningkorporaasje Accolade fierder mei de plannen foar nijbou. De minsken dy't yn de 34 huzen wenje, kinne fan 1 febrewaris ôf mei foarrang ferhúzje nei in oare wente fan Accolade.
© Omrop Fryslân
Accolade is fan plan om 32 wenten te slopen en te ferfangen foar 39 enerzjysunige, duorsume nijbouwenten. Twa oare wenten wol de wenningkorporaasje restaurearje. De histoaryske styl yn de nijbou bliuwt dêrby behâlden.
De bewenners waarden dêroer ynformearre by húsbesiten en bewennersjûnen. De mearderheid fan de bewenners soe akkoart gean mei de sloop en nijbou.

Mei foarrang ferhúzje

Fan 1 febrewaris ôf kinne bewenners mei foarrang ferhúzje nei in oare wente fan Accolade. Ek hawwe se rjocht op in ferhûsfergoeding. Bewenners dy't dat wolle, meie mei foarrang weromkomme nei de nijbou.
Accolade is no yn petear mei de gemeente en oare belanghawwenden oer hoe't se de nijbouplannen fierder foarmjaan kinne. Om de leefberens yn de wyk te garandearjen, lit Accolade de al leechsteande wenten tydlik ferhiere fia Carex.