Bysûnder Dokkumer skilderij nei 'slavernij-eksposysje' yn Rijksmuseum

In skilderij út Dokkum sil útstald wurde yn de tentoanstelling oer slavernij, letter dit jier yn it Rijksmuseum yn Amsterdam. It giet om in grut skilderij yn it stedhûs fan Dokkum út 1697, mei dêrop in selskip mei de doetiidske boargemaster fan Dokkum. Bysûnder is dat der ek in tal ta slaaf makke minsken op it skilderij steane.
Bysûnder Dokkumer skilderij nei 'slavernij-eksposysje' yn Ryksmuseum
Wat it bysûnder makket, binne trije donkere betsjinners dy't as ta slaaf makke minsken meinommen binne út Nederlânsk-Ynje troch VOC-skippen. De konservator fan it Rijksmuseum en in spesjalist op it mêd fan slavernij hawwe moandei de hiele dei yn it stêdhûs west. Neffens dy spesjalist fan de Universiteit fan Leiden giet it om in útsûnderlik wichtich skilderij dêr't er tige ferrast oer wie om it yn Dokkum oan te treffen.

Ta slaaf makke minsken prominint yn byld

Ek foar Piet de Haan fan de histoaryske feriening yn Dokkum is it skilderij bysûnder. "Sa'n skilderij sjogge je net in soad, en al hielendal net yn Dokkum. It is benammen bysûnder om je ôf te freegjen wêrom't de ta slaaf makke minsken sa prominint yn byld steane? Dêroer fernuveren de eksperts harren ek."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer by it skilderij
© Omrop Fryslân
De betsjinners binne neffens De Haan út Ynje meinommen troch de twadde frou fan de doetiidske boargemaster. Se makken op in VOC-skip de oertocht nei Hollân en kamen fan dêr út nei Dokkum.
De eksposysje yn it Rijksmuseum is yn augustus te sjen.
It skilderij is yn 1697 makke troch de skilder Gerard Wigmana (1673-1741) fan Warkum. Op it skilderij steane boargemaster Julius Schelto van Aitzema (ferstoarn yn 1714) en syn frou Sara van den Broek (ca. 1650-1719). It ferhaal giet dat sy Tsaar Peter op besite hiene by harren thús yn Dokkum, al is dêr lykwols gjin bewiis foar. Fierder steane op it skilderij dus ferskate betsjinners. Ien fan harren is Filander de Baron, dy't ú Batavia kaam en fan ta slaaf makke minsk opklom ta útfierder fan fûnissen.