Ultrarinster Hinke Schokker fjochtet skorsing oan
Ultrarinster Hinke Schokker fan Eastermar fjochtet har 'voorlopige schorsing wegens vermeend dopinggebruik' oan. Se hat mei har twa advokaten freed in ferwarskrift yntsjinne.

Dat ferwarskrift wurdt nei alle gedachten oer in moanne behannele troch it Instituut Sport Rechtspraak (ISR).
Hinke Schokker waard posityf test nei har glorieuze winst en in nasjonaal rekôr op it NK 100 km hurdrinnen yn Winschoten yn septimber foarich jier.
Der hinget har in skorsing fan fjouwer jier boppe de holle. Se woe earst ôfsjen fan fierder prosedearjen, omdat har advokaatkosten al mear as 15.000 euro wiene, mar de atlete út Eastermar hat no twa advokaten oanbean krigen dy't har fergees bystean sille. Ien fan harren is sels ek ultrarinner.
"Yn it ferwar wolle we dúdlik meitsje dat ik net wist dat it medisyn yn striid wêze soe mei it dopingreglemint. Ik ha it net bewust brûkt, wist net fan de regels en ik ha noait foarljochting hân. Foar safier't ik wist, foldie ik oan de regels. Boppedat docht de konsintraasje dy't fûn is neat oan de prestaasje, it hat gjin effekt, want it wie fjouwer dagen foar de wedstriid", fertelt Hinke Schokker.
Se kin noch neat sizze oer wat se ferwachtsje kin. Mooglik krijt se in legere straf as de skorsing fan fjouwer jier. "Oft ik wer drave sil, kin ik noch net sizze. It kin alle kanten noch opgean."
Hinke Schokker