Boete foar fjoertoerwachter Nicolette van Berkel

Nicolette van Berkel is foar it grutste part frijsprutsen fan beskuldigingen fan smaad. Op twa oanklachten waard se wol skuldich achte. Ek ien fan har tsjinstanners is skuldich oan smaad ferklearre. Foar de rjochtbank fan Ljouwert tsjinne woansdeitemoarn in saak fan sa'n fyftjin minsken tsjin de fjoertoerwachter fan de Brandaris op Skylge. Van Berkel sit al in pear jier thús fanwege in wurkkonflikt mei har wurkjouwer Rykswettersteat.
Boete foar fjoertoerwachter Nicolette van Berkel
Van Berkel tsjinne twa jier ferlyn in klacht yn oer seksuele yntimidaasje en pestgedrach fan kollega's. Nei de melding eskalearre de tastân en sûnt dy tiid sit Van Berkel thús. Der hat al in tal ûndersiken west nei de klachten.
De oankleiers beskuldigen Van Berkel fan smaad fia ûnder oaren Twitter en mails. Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie by de rjochtsaak: "Fyftjin fan de minsken dy't by dat Twitter- en mailferkear belutsen wiene, sizze dat Van Berkel in grins oergien is. Neffens harren soe se har skuldich makke hawwe oan smaad", leit er út.
Nicolette van Berkel © Omrop Fryslân
Van Berkel har advokaat, Tjalling van der Goot, frege yn de ferdigening om totale frijspraak, foaral omdat it hjir gie om frijheid fan mieningsutering en omdat der neffens de regels fan de wet gjin sprake is fan smaad.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de saak tsjin Nicolette van Berkel
De rjochter wiisde de beskuldigingen foar it grutste part ôf, mar net hielendal. "Yn twa saken fynt hy it wol bewiisd dat Van Berkel in grins oergien is. Foar de iene saak, oanspand troch Jan Leenstra, komt der gjin straf, mar foar de oare krijt Van Berkel in jildboete fan 200 euro." Dat is neffens de rjochter benammen om har oan it neitinken te setten oer wat se op it ynternet pleatst.

Modder smiten

Dat der sprake is fan hinne en wer mei modder smiten waard woansdei wol dúdlik. Nei ôfrin fan de rjochtsaak tsjin Van Berkel stie Jan Leenstra sels foar de rjochter op beskuldiging fan smaad rjochting Van Berkel. Ek hjir oardiele de rjochter skuldich en feroardiele hy Leenstra ta in boete fan 500 euro.

Psychyske klachten

Van Berkel sit al in pear jier thús mei psychyske klachten. Ek by de sitting wie se net oanwêzich. De fraach is oft se ea wer oan it wurk kinne sil op 'e fjoertoer. "Dy saak spilet noch. It liket yn elk gefal wol sa dat de saak sa bot eskalearre is, dat de mooglikheid fan weromkear der net mear is. Mar dat moatte we noch ôfwachtsje."
Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol