Fryslân brekt mei Berenschot fanwegen belangeferfrisseling

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe de opdracht oan it buro Berenschot om de resultaten fan de mienskiplike promoasjekampanje TopDutch te ûndersykjen, ynlutsen. Der is sprake fan belangeferfrisseling. De direkteur fan de noardlike kampanje, dy't multinationals lykas TESLA nei it Noarden helje moast, wurket nammentlik ek foar it ûndersyksburo dat kritysk sjen moat nei it inisjatyf. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.
TopDutch © TopDutch
Direkteur Gerard de Boer fan it reklameburo Initio hat yn de ôfrûne moannen meardere kearen betelle opdrachten dien foar ûndersyksburo Berenschot. Ynkoarten wol De Boer opnij foar Berenschot oan de slach, dan as sprekker foar groepen amtners en bestjoerders.
Undersyksburo Berenschot krige begjin desimber fan de trije noardlike provinsjes de opdracht om de TopDutch-kampanje kritysk te besjen. Mei de kampanje waard besocht om it fabryk fan Tesla nei it Noarden fan Nederlân te krijen. Berenschot moat no sjen oft de kampanje wat opsmiten hat.
Meardere politike partijen yn de trije noardlike provinsjes hawwe sûnt it begjin fan TopDutch yn 2017 kritysk west op de resultaten fan TopDutch, en dus oer de prestaasjes fan Initio.

Reaksje út Fryslân

Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP wiist derop dat Provinsjale Steaten hielendal net ynformearre binne oer it ynskeakeljen fan Berenschot. "Dat moatte wy no út de media fernimme. Lit stean dat ús frege is wat der ûndersocht wurde moat."
Posthumus fynt dat der in oar buro ynskeakele wurde moat om TopDutch te ûndersykjen. "As it kloppet dat De Boer in saaklike relaasje hat, dan sis ik: dat kin net. Dat liket net allinnich op belangeferfrisseling, it is belangeferfrisseling."

Reaksje Berenschot

Initio-direkteur Gerard de Boer wol net reagearje op fragen oer syn wurk by Berenschot. Managing director Hans van der Werff fan Berenschot seit gjin tsjinstridigens te sjen tusken it TopDutch-ûndersyk troch Berenschot en it gastsprekkerskip fan De Boer. "Hij was gewoon spreker, zoals ook de commissaris van de Koning gastspreker is en misschien een relatie heeft met dit onderzoek. Ik zie geen belangenverstrengeling."

Nije banen

It ûndersyk fan Berenschot rjochtet him op de fraach oft TopDutch nije banen en bedriuwen opsmiten hat foar de trije noardlike provinsjes. Ek de ynternasjonale bekendheid fan de regio as fêstigingsplak foar multinationals. De opdracht oan Initio wie om mei TopDutch yn alle gefallen tsien grutte multinationals te winnen, en twatûzen banen yn fiif jier tiid te realisearjen.

Wat is TopDutch?

TopDutch waard bekend fan de brutale 'Hi Tesla-kampanje' dy't begjin 2017 troch in groepke ûndernimmers en bestjoerders opset waard om in fabryk fan de elektryske autofabrikant Tesla nei it Noarden te heljen. Mei de guerrilla-kampanje wist TopDutch in soad omtinken te krijen. Nei dat earste publisiteitsoffinsyf folgen noch in JobDutch en in Elektrify-kampanje, beide rjochte op Tesla.
Ein 2017 krige de Tesla kampanje in ferfolch yn in brede, twajierrige TopDuch-kampanje dy't it Noarden as oantreklike fêstigingsregio foar bûtenlânske bedriuwen op de kaart sette moast. It buro Initio wûn de oanbesteging foar dy opdracht fan 1,2 miljoen euro. Dêrfoar leine de trije Noardlike provinsjes allegearre fjouwer ton op tafel.
It wie de bedoeling dat Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe dit ferhaal letter dizze wike publisearje soene. Deputearre Steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte wiene dêrfan op 'e hichte. Se hawwe de publikaasje net ôfwachtsje wold en dêrom no al besletten de bannen mei Berenschot troch te snijen. Ta ynformaasje yn dit artikel de resultaten fan it ûndersyk fan de omroppen nei de saaklike bannen tusken Berenschot en it reklameburo Initio.