Ried Smellingerlân praat oer bestjoerskrisis en opdracht 'ferkenner' Ton Baas

De ried fan Smellingerlân praat tiisdei oer hoe't it fierder moat mei it gemeentebestjoer no't de fraksje fan de Partij van de Arbeid út de koälysje stapt is. It sittende kolleezje fan ELP, VVD en GrienLinks/FNP hat no gjin mearderheid mear. Der moat in partij by om it kolleezje wer oan in mearderheid te helpen.
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Boargemaster Jan Rijpstra hat nei petearen mei alle fraksjefoarsitters foarsteld om âld-deputearre Ton Baas de opdracht te jaan om as 'ferkenner' te ûndersykjen, hoe't je it bêste wer gau in stabyl kolleezje krije kinne yn Smellingerlân. Baas sil hjirta yn petear mei alle fraksjefoarsitters, as de ried jûn grien ljocht jout foar dizze oanpak.
It is yn de polityk gebrûklik dat de grutste partij yn de ried mei in foarstel komt foar it oplossen fan de bestjoerskrisis. Yn dit gefal hat boargemaster Rijpstra lykwols it inisjatyf nei him ta lutsen. De boargemaster wol tempo meitsje fanwege de 'majeure opjeften' dêr't de gemeente mei te krijen hat.
De PvdA stapte okkerdeis út it kolleezje út argewaasje oer de gearwurking mei de ELP (Eerste Lokale Partij) en it optreden fan fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan dizze partij. Wethâlder Cor Trompetter hat dêrom syn ûntslach oanbean, mar is noch wol gewoan oan it wurk.
De wethâlder leit sels út hoe't it kin dat er noch yn funksje is.
Cor Trompetter
It gemeentebestjoer yn Smellingerlân makket al langere tiid in net al te stabile yndruk, want earder stapten ek al de wethâlders Roel Haverkort (PvdA) en Eric ter Keurs (VVD) op. Fraksjefoarsitter Anton Pieters fan de PvdA yn Smellingerlân sei ferline wike yn It Polytburo dat hy gjin oplossing sjocht foar de bestjoerskrisis.
Ferkenner Ton Baas krijt mar beheinde tiid foar syn opdracht. Hy wurdt frege om al op 7 febrewaris syn befiningen te presintearjen oan de gemeenteried.