Boergondyske dief wol útnaaie mei doaze wyn en sigaretten
De Ljouwerter plysje hat sneintemiddei in 35-jierrige frou oanhâlden foar winkelstellerij. Se waard betrape doe't se yn Bilgaard besocht út te piken mei in doaze wyn en twa pakjes sigaretten.

De frou moat op 15 april foar de rjochter ferskine.