Aart Staartjes begroeven yn syn wenplak Dronryp
begraffenis Aart Staartjes
Tongersdei stie MFC D'Ald Skoalle yn Dronryp iepen foar minsken dy't noch in lêste berjochtsje of oantinken oan Aart Staartjes efter litte woene. It kondoleânsjeregister waard fol skreaun mei oantinkens of in wurd fan treast troch alle mooglike generaasjes dy't opgroeid binne mei 'Meneer Aart'.