FIDEO: Skoalbern meitsje bûdels foar kangeroes yn Australië

Learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert binne de ôfrûne dagen achter de naaimasine krûpt. Se hawwe bûdels makke foar kangeroejongen yn Australië, dy't harren mem kwytrekke binne troch de oanhâldende boskbrannen.
Freed hiene de bern harren lêste naailes, ûnder begelieding fan dosinte Elske van der Sluis. Sy jout it keuzefak Mode en hat yn trije lessen bûdels naaid mei tweintich 3e-klassers. Sneon geane alle bûdels op 'e post.